De Fryske TaalHelp
Yn opdracht fan de Provinsje Fryslân hawwe Polderland Language & Speech Technology B.V. en de Fryske Akademy yn 'e mande in nije ferzje fan it taalhelpprogramma foar it Frysk ûntwikkele: De Fryske TaalHelp 2.0.
De Fryske TaalHelp jout help by it skriuwen en redigearjen fan
Fryske teksten. It produkt is in unike kombinaasje fan
staveringskontrôle en wurdboekfunksjonaliteit en wurdt op
ienfâldige en yntuïtive wize brûkt binnen Microsoft® Word®. Boppedat is yn ferzje 2.0 in wurdôfbrekker tafoege.
Mei it Frysk-Nederlânsk wurdboek as basis, kinne hast
60.000 wurden maklik op stavering en betsjutting neisjoen
wurde. Mei it Nederlânsk-Frysk wurdboek kinne oersettings yn it Frysk opsocht wurde, as help by it skriuwen fan teksten.
Boppedat wurdt in foarkarstavering oanjûn en kriget de brûker ynformaasje oer wurden dy't gauris mei-inoar ferwiksele wurde, lykas 'bokse' en 'piip' of 'loft' en 'lucht'.
|
|
De Fryske TaalHelp 2.0 In nij taalhelpprogramma foar it Frysk foar Office 2000-2007 en Office XP + Windows 2003, Windows XP en Windows Vista. Polderland Language & Speech Technology B.V. Nijmegen en de Fryske Akademy Ljouwert 2007. De cd-rom mei TaalHelp 2.0 kin besteld wurde yn de webwinkel fan de Afûk. Mear oer de Fryske TaalHelp, Skiednis fan 'e Staveringshifker en FAQ’s (Faak Stelde Fragen). |
Ynformaasje: webwinkel Afûk