Personal tools
You are here: Home Aginda Aginda Europeeske hegerein foar Fryske Akademy
Document Actions

Europeeske hegerein foar Fryske Akademy

When 2008-04-03 17:30 to
2008-04-04 15:00

De Europeeske Kommissaris foar Meartaligens, Leonard Orban, bringt tongersdei 3 en freed 4 april o.s. in wurkbesite oan Ljouwert. Op in grut publyksdebat bij de Fryske Akademy sil Orban him oriïntearre op de taalsituaasje yn de provinsje Fryslân as goed foarbyld foar oare meartalige Europeeske regio’s. It úteinlike doel fan de besite is de oriïntaasje op de mooglike rol fan it Mercator  Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen by it útfieren fan it Europeesk beleid oangeande meartaligens.

Op tongersdeitejûn 3 april hâldt Leonard Orban de iepeningstaspraak foar in grut publyksdebat yn it kongressintrum fan de Fryske Akademy, It Aljemint. De oare ynlieders op dizze diskusjejûn binne Anita Andriesen (deputearre), Jelle Bangma (Europeesk Buro foar Lytse Talen) en Reinier Salverda (direkteurbestjoerder fan de Fryske Akademy). Salverda sil de Fryske Akademy presintearje as it wittenskiplik ynstitút fan Fryslân, mei sawol nasjonale (as lid fan de Koninklijke Nederlandse Akademy van Wetenschappen) as ek in ynternasjonale goeie namme. Oanslútend is der romte foar in foarum en in publyksdebat.

It Mercator Kennissintrum is troch de organisaasje útnoege om freedtemiddei 4 april op it Stedshûs fan Ljouwert in presintaasje te fersoargjen foar de Europeeske Kommissaris fan Meartaligens. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, hopet mei de besite fan Orban stipe fan ‘Brussel’ te krijen foar projekten dy’t it Mercator Kennissintrum yn - ûnder oare - Fryslân op tou sette wol, lyk as in Europeesk Agintskip foar Taalferskaat en Taallearen yn Kennisstêd Ljouwert.

De besite fan Leonard Orban is organisearre troch de provinsje Fryslân yn gearwurking mei de fertsjinwurdiging fan de Europeeske Kommisje yn Den Haag. It folsleine programma stiet op de website fan de Provinsje Fryslân.


Powered by Plone CMS, the Open Source Content Management System