Wurdboek fan 'e Fryske taal
Wurdboek fan de Fryske taal/Woordenboek der Friese taal (WFT)
|
It WFT-projekt omfettet alderearst de
wittenskiplike beskriuwing fan de wurdskat fan it Nijfrysk (it
Frysk sûnt 1800). Beskreaun wurdt it Frysk út it tiidrek 1800-1975.
It wurdboek is twatalich, de ferklearringen wurde jûn yn it
Nederlânsk. Alle jierren ferskynt in diel fan 400 siden, it earste
ferskynde yn 1984. De redaksjefaze sil nei alle gedachten om 2009
hinne ôfsletten wurde kinne. De einredaksje- en de publikaasjefaze
yn 2010.
Foar de oant no ta ferskynde dielen sjoch: folder. Nêst it skriuwen oan it wurdboek wurdt wurke oan de fierdere útbou fan de databank Nijfrysk. Projektlieder en einredakteur: P. Boersma
|
![]() |
