Personal tools
You are here: Home Ûndersyk Taalkunde Bibliografy Nijfryske taalkunde
Document Actions

Bibliografy Nijfryske taalkunde

Foar de syntaksis giet it om artikels fan nei 1984, omdat yn Ta de Fryske syntaksis (Ljouwert: Fryske Akademy, 1987) op side 39-43 in "sa folslein mooglike bibliografy" opnommen is fan 'e stúdzje fan 'e syntaksis fan it Frysk fan oant dat jier. Foar de fonology en de morfology giet it allyksa prinsepeal om artikels fan nei 1984, omdat de wichtichsten fan foar dat jier yn 'e bibliografy fan 'e Frisian Reference Grammar (Dordrecht: Foris Publications, 1985) opnommen binne. De artikels binne by de ûnderskiften gronologysk oardere.

    1. Syntaksis

    2. Morfology

    3. Fonology

    4. Leksikografy, leksikology, terminology en wurdfjilden

    5. Dialektology

    6. Taalkontakt en taalferoaring

    7. Ortografy

    General works on Frisian

    • Foar in koart, mar likegoed moai folslein, oersjoch fan it Frysk: Hoekstra, J. & P.M. Tiersma, Frisian. Yn: E. König & J. v.d. Auwera (red.) The Germanic Languages (Routledge Language Family Descriptions; 4), London: Routledge, 1994. s. 505-531.

    • Foar in kursoarysk learboek (Afûk-akte, propedeuze twaddegraads foech Frysk): Popkema, J., Ta de Taalkunde fan it Frysk. Ljouwert: Afûk, 1998.

    • Foar in oersjoch fan (aspekten fan) 'e skiednis fan 'e taalkundige bestudearring fan it Frysk: Dykstra, A. & R.H. Bremmer Jr (red.), In Skiednis fan 'e Fryske Taalkunde. Ljouwert: Fryske Akademy, 1999.

    • Foar koarte, mar likegoed moai folsleine, oersjoggen fan it Frysk (East-, Noard- en West-), syngroan en diagroan: Munske, H.H. (red.) (yn oparbeidzjen mei N.R. Århammar, V.F. Faltings, J.F. Hoekstra, O. Vries, A.G.H. Walker en O. Wilts), Handbuch des Friesischen / Handbook of Frisian Studies. Tübingen: Max Niemeyer Verlag, 2001.

    • Foar in oersjoch fan 'e stúdzje fan 'e Hollânske en Fryske syntaksis: Schutter, G. de, De studie van de Nederlandse en Friese dialectsyntaxis sedert 1990. Yn: Barbiers, Sj., M. Devos & G. de Schutter (red.), Dialectsyntaxis in bloei (= themanummer Taal en Tongval; 15-16), 2003, s. 10-43.

    • Foar in resinte Hollânsktalige grammatika: Popkema, J., Grammatica Fries (yn 'e rige Prisma taalbeheersing). Utrecht: Uitgeverij Het Spectrum BV/Ljouwert: Fryske Akademy, 2006.



      Powered by Plone CMS, the Open Source Content Management System