SPSS-bestannen
Taalsosjologyske gegevens no foar elk beskikber!
Hawwe jo altyd al witten wold hoefolle persint fan 'e Friezen Frysk praat tsjin harren húsdokter; hoefolle bern yn 'e jierren tachtich yn 'e Dongerdielen de wurden op 'e krekte wize brutsen en hoefolle persint fan 'e ûnderfrege persoanen har yn 1980 yn it foarste plak as Fries beskôgen ... dan leit hjir no de kâns foar jo!!
De Fakgroep Sosjale Wittenskippen fan 'e Fryske Akademy hat de gegevens fan in tal nijsgjirrige taalsosjologyske ûndersiken tagonklik makke foar elk dy't niget oant it Frysk hat of sels ûndersyk docht nei de Fryske taalsitewaasje.
It materiaal bestiet út SPSS-bestân mei it oersjoch fan 'e statistyske gegevens, it byhearrende koadeboek (yn Wordperfect) en in oersjoch fan 'e rjochte tellings (ek yn Wordperfect).
Proseduere en betingsten
Hawwe jo belangstelling foar ien of mear bestannen, nim dan kontakt op mei ús dokumintalist/ynformaasjespesjalist Peter van der Meer. Eventuele kosten sille (fansels nei oerlis) yn rekken brocht wurde. Boppedat sille jo oanjaan moatte wêr't jo it materiaal foar brûke sille.
De bestannen binne yn fjouwer skiften ûnder te bringen:
Oerheid
-
Provinsjale amtners en it Frysk (1985)
-
Provinsjale amtners en it Frysk (1993)
-
Enkête NIPO Steateferkiezings (1987)
-
Enkête Fryske taal yn it rjochtsferkear (1991)
De provinsjale amtners en it Frysk (1985)
Op inisjatyf fan in spesjale wurkgroep fan de provinsjale griffy is yn 1985 in ûndersyk útfierd troch beliedsmeiwurker Gerlof Kootstra nei de taalferhâldingen binnen it provinsjale apparaat. By it ûndersyk waard oparbeide mei Durk Gorter en Jehannes Ytsma, taalsosjologen fan de Fryske Akademy.
747 respondinten.
De provinsjale amtners en it Frysk (1993)
Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe oan de Fryske Akademy frege om ûndersyk te dwaan nei de taal yn de provinsjale organisaasjes, nei't dêryn sûnt 1985 taalbelied fierd is. Yn 1993 is mei dat doel in skriftlike enkête oer taalgedrach, meidwaan oan kursussen Frysk en taalhâlding ûnder de provinsjale amtners hâlden. In part fan de útkomsten fan dy enkête wurdt fergelike mei in soartgelikens - mar beheinder - ûndersyk út 1985.
495 respondinten
Enkête NIPO Steateferkiezings (1987)
Yn opdracht fan de Fryske Akademy, Radio Fryslân en it Frysk Deiblêd hat it enkêteburo NIPO op 24 en 25 febrewaris 1987 in opiny-ûndersyk holden ûnder 598 persoanen fan 18 jier en âlder. It doel fan it ûndersyk wie om yn it foar ynsjoch te krijen yn de stimmeferdieling foar de Steateferkiezings fan 18 maart 1987. Ek binne guon oare dingen oangeande Fryslân en it Frysk befrege.
Enkête Fryske taal yn it rjochtsferkeer (1991)
Yn opdracht fan de Rijkscommissie Friese taal is yn 1991 troch de Fryske Akademy in skriftlike enkête hâlden y.f.m. in advys oangeande it brûken fan de Fryske taal yn it rjochtsferkear. Sintrale tema's yn it ûndersyk wiene: it feitlik brûken fan it Frysk as rjochtstaal, de Fryske taalfeardigens fan 'e juridyske beropsbeoefeners en hoe't tsjin it Frysk yn it rjochtsferkear oansjoen waard.
321 en 366 respondinten.
Taal
-
De Friezen en harren taal (1967)
-
Taal yn Fryslân I (1980)
-
Taal yn Fryslân II (1994)
-
Taal yn it grinsgebiet: Gruttegast en Mearum (1984)
-
Taalsituaasje It Hearrenfean (1984)
-
Enkête it Leewarders (1988)
-
Taalenkête 'Ljouwerter Krante' (1991)
-
Taalgebrûk helpferliening (1994)
-
Undersyk Fryske side LC en FD (1994)
-
Undersyk 'De grens voorbij' (1996)
De Friezen en harren taal (1967)
Yn 1967 is mei help fan in representative stekproef ûndersyk dien nei de "lês- en praatgewoantes yn Fryslân" en nei de hâlding foar it Frysk oer. Yn 'e maitiid fan 1967 binne dêrta sa'n 800 Friezen fan 12 jier en âlder ûnderfrege.
800 respondinten
Taal yn Fryslân I (1980)
Tusken 1979 en 1983 is ûndersyk dien nei de taalferhâldings yn Fryslân. Dêrta is yn 1980 in enkête útfierd. Yn dy enkête is de taalsosjologyske standertfraach 'wa praat wat tsjin wa, wêroer en wêrom?' detaillearre yn 138 fragen oan in stekproef fan 1126 respondinten foarlein.
Taal yn Fryslân II (1994)
It taalsosjologysk survey Taal yn Fryslân - twa is in ferfolch op in soart-gelikens ûndersyk yn 1980. Yn 1994 binne mear as 1300 ynwenners fan Fryslân ûnderfrege oer harren taalachtergrûn, taalbehearsking, taalgedrach en taalhâlding.
1368 respondinten
Taal yn it grinsgebiet: Gruttegast en Mearum (1984)
Yn juny 1984 hat in sântal ûndersikers gegevens sammele oer de taalsitewaasje yn twa (Grinslânske) grinsgemeenten: Gruttegast en Mearum. (Dy gemeenten binne trijetalich: Frysk, Nederlânsk en Grinslânsk.) It gie om in ynventarisearjend ûndersyk nei taalgebrûk en nei de relative sterkte fan de ûnderskate taalfarianten. Algemiene ûndersyksfraach wie: wa praat hokker taal mei wa, yn hokker omstannichheden en wêrom?
1009 respondinten
Taalsituaasje It Hearrenfean (1987)
Op fersyk fan de Wurkgroep Frysk fan de gemeente It Hearrenfean is dit ûndersyk yn 1984 útfierd. Doelstelling dêrby wie in beskriuwing te jaan fan de taalsituaasje yn de gemeente en om te kommen ta in sa krekt mooglike skets fan de taalferhâldingen yn It Hearrenfean.
By it ûndersyk binne troch MEAO-learlingen mûnlinge fraachpetearen fierd neffens standert-fragelisten by in stekproef út de befolking.
538 respondinten
Enkête it Leewarders (1988)
Yn it ramt fan it promoasje-ûndersyk fan Reitze J. Jonkman nei it Leewarders is yn Ljouwert tusken jannewaris en maart 1988 in enkête útfierd. Dêrta wie op peildatum 1 jannewaris 1988 troch de gemeente Ljouwert in systematyske stekproef mei in random begjin lutsen út it kompjûterbestân fan de ynwenners fan de stêd Ljouwert fan 12 jier en âlder. Dat levere bruto 500 stekproefeleminten op.
Uteinlik bleaunen netto 375 respondinten oer.
Taalenkête 'Ljouwerter Krante' (1991)
Op 16 maart 1991 stie yn de Ljouwerter krante in fragelist mei 100 nûmere fragen oer it Frysk. Op 25 april hat de Ljouwerter krante oer dy fragelist rapportearre. Dy rapportaazje wie op grûn fan 2400 ynstjoerders. It totaal tal respondinten wie lykwols 7323. Yn de twadde helte fan 1991 is op de Fryske Akademy is it oare part fan 'e ynstjoerde fragelisten yn 'e kompjûter ynfierd.
Om 't de gegevens fan 'e enkête net in goede ôfspegeling binne fan alle ynwenners fan de provinsje Fryslân, binne de gegevens woegen. It weagjen is útfierd mei help fan de saneamde RAS-metoade.
7323 respondinten
Taalgebrûk helpferliening (1994)
Mids oktober 1994 is ûndersyk dien nei taalgebrûk yn de helpferliening. Doel wie om nei te gean wat de respondinten, besteande út in groep takomstige helpferlieners, fan paternalistysk taalgebrûk en akkommodaasje fine. It gie benammen om de beoardieling fan paternalistysk taalgebrûk fan fersoarchsters tsjin âldere minsken yn de kontekst fan in fersoargingshûs. Troch in tal útspraken oan de takomstige help-ferlieners foar te lizzen, koe sjoen wurde hoe't de respondinten taalakkommodaasje fan in Frysktalige en in Nederlânsktalige fersoarchster beoardielje.
105 respondinten
Undersyk Fryske side LC en FD (1994)
Yn 'e hjerst fan 1994 is in tillefoanyske enkête holden ûnder in selektearre groep lêzers fan 'e Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd om har miening oangeande in proefside fan de nij te ferskinen Fryske side yn dy beide kranten. De selektearre groep bestie út kunde fan meiwurkers fan 'e Afûk en út studinten fan 'e PABO.
145 respondinten
Undersyk 'De grens voorbij' (1996)
Yn 1996 is ûndersyk dien nei de mjitte wêryn't krekt bûten Fryslân de Fryske taal noch brûkt wurdt en om te sjen oft de taalgrins oan te jaan is. It ûndersyksgebiet sluet oan by it gebiet dat ûndersocht is yn 'Taal yn it Grinsgebiet' (1984) en lei súdwestlik fan 'e gemeente Leek (Gr.) en noardwestlik fan 'e gemeente Norg (Dr.). It ûndersyk is útfierd troch Coby Kirkenier yn it ramt fan har stúdzje tapaste taalkunde en û.o. begelaat troch Durk Gorter.
108 respondinten.
Underwiis
-
Brekkingsûndersyk yn it leger ûnderwiis yn de Dongeradielen (1983)
-
Brekkingsûndersyk yn it fuortset ûnderwiis yn de Dongeradielen (1986)
-
Underwiis Frysk op basisskoalle (1988)
-
Frysk as earste en twadde taal; bern (1990)
-
Frysk as earste en twadde taal; âlden (1990)
-
Enkête lêsbefoarderingsprojekt 'Lêspiramide' (1996)
-
Evaluaasje 'Fryske TaalRotonde' (1997)
-
Attitude Alden trijetalige skoalle (2000)
Brekkingsûndersyk yn it leger ûnderwiis yn de Dongeradielen (1983)
Yn de hjerst fan 1983 is de helte fan alle learlingen fan beuker- en legere skoallen yn de eardere gemeenten East- en Westdongeradiel oan de hân fan boartersguod frege nei har útspraak fan meartal en ferlytsingswurd by de wurden tean, foet, stien, beam, stoel, doar, hier en noas. Per bern hie it ûnderwizend personeel yn it foar skriftlik ynformaasje jûn oer de fiertaal fan it bern thús, oer it berop fan de âlden en oer it Frysk as fak en fiertaal yn har klassen.
783 ynformanten
Brekkingsûndersyk yn it fuortset ûnderwiis yn de Dongeradielen (1986)
Yn 1986 binne 211 (Frysktalige) learlingen fan it fuortset ûnderwiis yn de eardere gemeenten East- en Westdongeradiel frege nei har útspraak fan meartal en ferlytsingswurd by de wurden tean, foet, stien, beam, stoel, doar, hier en noas. Elke learling is ek noch frege nei de útspraak fan fiif wurden mei Dongeradielster lûding:
sepe/sjippe, seze/sizze, buosse/bûse, buotten/bûten en buotter/bûter .
211 ynformanten
Underwiis Frysk op basisskoalle (1988)
Yn 1988 is ûndersyk dien nei de stân fan saken fan it Frysk op de basisskoallen yn Fryslân. It ûndersyk waard útfierd yn in gearwurkingsferbân tusken de Ryksynspeksje Basisûnderwiis Fryslân, de Fryske Akademy en de stúdzjerjochting Frysk fan 'e Frije Universiteit te Amsterdam. Utfierders wiene: S. de Jong, Jeh. Ytsma en A.M.J. Riemersma. 539 respondinten
Frysk as earste en twadde taal; bern (1990)
Yn 1990 is troch Jehannes Ytsma ûndersyk dien nei de winning fan it Frysk by fan-hûs-út Frysk- en Nederlânsktalige bern fan de basisskoalle yn 'e groepen 5 en 8.
410 respondinten
Frysk as earste en twadde taal; âlden (1990)
Yn 1990 is troch Jehannes Ytsma ûndersyk dien nei de winning fan it Frysk by fan-hûs-út Frysk- en Nederlânsktalige bern fan de basisskoalle, yn 'e groepen 5 en 8. Yn in neier ûndersyk binne de âlden fan de Nederlânsktalige bern fierder ûnderfrege.
168 respondinten
Enkête lêsbefoarderingsprojekt 'Lêspiramide' (1996)
Fan jannewaris oant maaie 1996 folgen de groepen 7 en 8 fan alve basisskoallen út it ûnderwiisfoarrangsgebiet Fryslân it lêsbefoarderingsprojekt 'Lêspiramide'. Wichtichste doel fan 'e 'Lêspiramide' wie it fergrutsjen fan it lêsplesier yn de Fryske en Nederlânske taal. As bern ûnderfine dat lêzen aardich is, wurdt nei ferwachting in proses op gong brocht, wêrby't de motivaasje om te lêzen grutter wurdt, de lêsfrekwinsje tanimt en de lêsfeardigens mooglik ek ferbetteret. Om fêst te stellen oft it Lêspiramideprojekt effekt hân hat, is yn dit evaluaasje-ûndersyk in antwurd socht op twa dielfragen oangeande de begjinsitewaasje en de eigentlike effektmjitting fan it Lêspiramideprojekt.
432 en 481 respondinten
Evaluaasje 'Fryske TaalRotonde' (1997)
Op fersyk fan it Taalsintrum Frysk fan GCO fryslân is yn 1997 de Fryske TaalRotonde, in metoade Frysk foar it basisûnderwiis, evaluearre. Yn it evaluaasje-ûndersyk stienen twa fragen sintraal. Hoe wurdt de metoade feitlik brûkt op de skoallen (de ymplementaasje) en wat is de wurdearring fan de skoallen foar de Fryske TaalRotonde? Hoe foldocht de metoade as gehiel en op ûnderdielen (de satisfaksje)?
Direksje en learkrêften hawwe elk in eigen fragelist ynfolle. Op trije skoallen is mei in koarte fragelist de miening fan de learlingen út de groepen 5 oant en mei 8 ûndersocht.
Respondinten: 158 direkteuren, 501 learkrêften en 188 learlingen.
Attitude âlden trijetalige skoalle (2000)
It ûndersyk Attitude Alden Trijetalige skoalle is yn 2000 útfierd yn it ramt fan it projekt Trijetalige skoalle fan de Fryske Akademy en de skoalbegeliedingstsjinst GCO fryslân. De ûndersiker Femke Haijtema hat dat dielûndersyk dien as staazje fan har oplieding sosjology oan de Universiteit fan Amsterdam. It útgongspunt wie de fraach wat oft de âlden fan de learlingen op skoallen dy't meidogge oan it projekt Trijetalige Skoalle no eins fine fan trijetalichheid yn it algemien en trijetalichheid op de skoallen fan harren bern yn it bysûnder.
Neist de âlden fan dizze seis Fryske skoallen binne ek de âlden fan in basisskoalle yn it twatalige Vaasa yn Finlân ûnderfrege. De Finske útkomsten binne fergelike mei de Fryske.
Respondinten: 349 âlden, 142 learlingen.
Ferskaat
-
Enkête Friezen om utens (1992)
-
Jongerein yn Fryslân (1993)
-
Krystkongres Frjentsjer (1987)
-
Enkete iepen dei Fryske Akademy (1992)
Enkête Friezen om utens (1992)
Yn 'e maitiid fan 1992 is troch L.G. Jansma en G. Jelsma ûndersyk dien nei it taalgedrach en taalbehâld fan de Friezen om utens, dy't lid binne fan Fryske kriten en Fryske studinteferienings yn Nederlân. Om't hjir giet om migranten, is ek sjoen nei migraasjemotiven en nei oanpassing fan de migranten yn har nij fermidden. It ûndersyk waard dien troch in enkête te stjoeren nei alle (leden fan) kriten en studinteferienings; mear as 3.000 enkête-formulieren kamen werom.
Yn it ûndersyk stienen twa fragen sintraal: yn hoefier slagje de Bûtenfriezen deryn om har memmetaal te hanthavenjen en oer te dragen op de folgjende generaasje en hoe is de migraasje fan de Friezen om utens ferrûn en hoe gie it mei de yntegraasje yn it nije wenplak?
3006 respondinten
Jongerein yn Fryslân (1993)
Dit ûndersyk is útfierd yn opdracht fan de Provinsje Fryslân om ynsjoch te krijen yn it hâlden en dragen fan de Fryske jongerein oangeande wurk en wurkleazens, libbens- en wenomkriten, bining oan Fryslân en behearsking fan it Frysk, omgean mei jild en besteging fan de frije tiid, ensfh. Fia in telefoanyske enkête binne yn maaie en juny 1993 fan 707 jongelju tusken de 16 en 26 jier garre.
Krystkongres Frjentsjer (1987)
Yn desimber 1987 is troch Durk Gorter en Jehannes Ytsma, taalsosjologen fan 'e Fryske Akademy, in enkête oer it taalbehâld holden. Dat barde op it Krystkongres te Frjentsjer dat doe ûnder it motto "Help it Frysk fersûpt! Wêr is de reddingsboat?" holden is.
73 respondinten
Enkête iepen dei Fryske Akademy (1992)
De Fryske Akademy hat op 11 oktober 1992 in iepen dei holden. Der kamen krapoan 400 minsken op ôf. Oan alle besikers fan 18 jier en âlder waard in enkêteformulier jûn.
233 respondinten
Oersjoch systemfiles
(mei in koarte gearfetting)