Skoalmasters yn Fryslân
Skoalmasters yn Fryslân (1600-1950)
It doel fan dit projekt is it tagonklik meitsjen fan de grutte hoemannichte gegevens dy't troch Hartman Sannes (1890-1956) sammele is oer de haden fan 'e skoallen yn Fryslân tusken sirka 1600 en 1950. De oantekens fan Sannes binne neffens gritenij oardere en jouwe ûnder mear ynformaasje oer it lean fan 'e skoalmasters; de nammen fan harren oare helten en bern; de nammen fan eardere en eventueel lettere plakken dêr't se wurke hawwe, ensafh.
In part fan it materiaal is earder ferskynd yn regionale kranten, mar wurdt no oanfolle mei korreksjes en opmerkings fan Sannes sels. In oar part hat noch net earder publisearre west. Yn augustus 2008 is it foar publikaasje reemakke materiaal op 'e thússide fan 'e Fryske Akademy publisearre. (It is te finen by Utjeften.)