Personal tools
You are here: Home Ûndersyk Skiednis Domaniale struktueren
Document Actions

Domaniale struktueren yn de Fryske lannen yn de Midsieuwen

Yn 'e lette Midsieuwen ûnderskieden de Fryske lannen tusken Fly en Weser har fan de omlizzende gebieten trochdat domanialiteit en feodaliteit dêr ûntbrieken. Ien fan 'e sintrale problemen yn 'e Fryske skiednis is de fraach oft dy útsûnderingsposysje ek al yn 'e iere Midsieuwen bestie. Undersiker Paul Noomen makket al in pear jier stúdzje fan de Fryske domanialiteit yn de iere Midsieuwen en nei de relaasje dêrfan mei it âldste parochywêzen en de oarsprong fan de Fryske adel. Syn wichtichst projekt op dit stuit is it skriuwen fan in monografy oer dat ûnderwerp.

Domaniale

Yn it ferline ferskynden fan syn hân al ferskate artikels op dat mêd, ûnder oaren oer de âldste skiednis fan de stêden Grins en Ljouwert en oer it Fryske besit fan de abdij fan Echternach .

P.N. Noomen


Powered by Plone CMS, the Open Source Content Management System